Polaroid Automatic 210
polaroid 1967-1969
Dit grutte bakbeest fan in kamera skynt in skoft lang ien fan de populêrste kamera's yn Amearika west te hawwen. It wie ien fan de earste modellen ûnder de $ 50. Hy makket gebrûk fan de Polaroid 100 film dy't plaatsjes makke fan 2 7/8" x 3 3/4" (7.2 x 9.5 sm). Hy kin ynsteld wurde op 75 (kleur) of 3000 (swart-wyt) ASA.
Foar it skerpstellen moat mei de beide knoppen oan de kamera de balch yn- of útskood wurde. De lens bestiet út mar twa plestik(!) eleminten, wat genôch seit oer de kwaliteit fan de prints.
Te keap! Nim kontakt mei my op. Der binne noch gjin kommentaren van besikers Ha jo oanfoljende ynformaasje? Folje it formulier yn!
|